Heler fan stellen AED oppakt

27 feb 2012 - 15:41
  • AED werompleatst op doarpshûs De Fochtel

In 60-jierrige Ljouwerter is sneintejûn yn Grins oppakt, omdat er in stellen AED oan de man bringe woe. In AED is in apparaat dêr't minsken mei in herstilstân mei holpen wurde kinne.

De man oan wa't er it apparaat ferkeapje woe, wie tafallich in plysjeman yn boarger. Dy hat de Ljouwerter oanhâlden. De man hie it apparaat stellen út in sportkompleks yn Starum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)