Maatregels fan Rykswettersteat

21 okt 2014 - 17:00

Rykswettersteat nimt ferskate maatregels yn de provinsje yn ferbân mei de stoarm en it ferwachte hege wetter. Op Flylân wurdt de kûpuere en in dûker sletten. Yn de havens fan Harns, Lauwerseach en Holwert wurdt ekstra tafersjoch hâlden. Omdat de haven fan Holwert ûnder wetter komt te stean, is dy fan 05.00 oant 13.00 oere ôfsletten.

Foarearst binne op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach neffens Rykswettersteat gjin ekstra maatregels nedich. Troch de hurde wyn kinne op de farwei fan De Lemmer nei Delfsyl net alle brêgen betsjinne wurde.

It skipfeartferkear kin hjirtroch stil komme te lizzen. Ek sille de slûzen op de farwei fan De Lemmer nei Delfsyl ekstra yn de gaten hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)