Sportklup te min doel oer jild

21 okt 2014 - 16:04

Bestjoeren fan Fryske sportferienings binne net goed op de hichte fan belestingsaken. Dat konkludearret Sport Fryslân op basis fan fragen dy't de sportûndersteuning-organisaasje krijt fan sportbestjoerders. It giet faak om fragen oer fiskale saken, de arbeidsoerienkomst fan in trainer en regels dy't der binne oer de frijwilligersregeling.

Benammen op fiskaal gebiet fynt Sport Fryslân dat ferienings goed op de hichte wêze moatte fan regeljouwing. Hjirtroch kinne hege neiheffings en boetes fan de Belestingtsjinst foarkommen wurde.

Sport Fryslân organisearret jierliks foarljochtingsjûnen wêrby't ek meiwurkers fan de Belestingtsjinst oanwêzich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)