Auto's pier Holwert fuorthelle

21 okt 2014 - 15:08

By de pier fan Holwert binne tiisdeitemiddei 118 auto's fuortsleept. De auto's stiene parkeard by de fearboat nei It Amelân. Fanwege de stoarm dy't der oan komt, fynt Rederij Wagenborg it net fertroud dat de auto's stean bliuwe. Ferwachte wurdt dat de feardaam woansdeitemoarn fan 6 oere ôf ûnder wetter komt te stean.

Der farre woansdeitemoarn gjin fearboaten nei It Amelân en Skiermûntseach. Middeis sille der fan en nei It Amelân ekstra ôffearten wêze. Ek de earste boaten fan Flylân en Skylge nei Harns en oarsom farre net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)