Doeksen skrast feartsjinsten

21 okt 2014 - 11:27

Rederij Doeksen lit woansdei in tal fan syn feartsjinsten ferfalle. De earste boaten fan Flylân en Skylge nei Harns ta farre net. Dat jildt ek foar de earste boaten fan fêste wâl nei de beide eilannen. Letter op de dei ferfalle de sneltsjinsten. As ferfanger fan dy sneltsjinsten farre de gewoane boaten in kear ekstra nei beide eilannen.

Reden foar de oanpaste tsjinstregeling is it hege wetter op it Waad. Mear ynformaasje oer de oanpaste tsjinstregeling is te finen op de webside fan Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)