Auto tsjin beam by Wynjewâld
Op de Opperbuorren by Wynjewâld is tiisdeitemoarn in man ferwûne rekke. It giet om de bestjoerder fan in auto, dy't troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam botste. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. Hoe slim er der oan ta is is net bekend. By it ûngelok wienen gjin oare auto's belutsen.