Bêste jûn Jong Hearrenfean

Jong Hearrenfean hie in moaie moandeitejûn. De ploech fan trainer Tieme Klompe wûn mei 3-1 by Jong PEC Zwolle. Foar it skoft kamen de Feansters op in 2-0 foarsprong troch goals fan Michael Chacon en Pascal Huser. Thomas Dalgaard makke yn it begjin fan de twadde helte de tredde. De earetreffer fan PEC Zwolle wie fan Nikolaos Ioannides. Omdat Jong FC Grins/Cambuur mei 3-0 ferlear by Jong Almere City hat koprinner Jong Hearrenfean no twa punten mear as Jong Almere City en fjouwer mear as Jong FC Grins/Cambuur.
Jong FC Grins hat wol in wedstriid minder spile. Op 25 novimber folget foar Jong Hearrenfean de ûntknoping fan it earste bedriuw fan de kompetysje as Jong FC Grins/Cambuur op besite komt. De nûmers ien en twa komme yn de kampioenspûl fan de beloftekompetysje.