Leare foar it spulregelbewiis

20 okt 2014 - 20:59
  • Tsientallen fuotballers kamen nei de ynformaasjejûn oer it spulregelbewiis

Tsientallen fuotballers fan fuotbalklup BBC út Burgum kamen moandeitejûn nei de ynformaasjejûn oer it nije spulregelbewiis. Mei yngong fan dit seizoen moatte alle twaddejiers B-junioaren fan fuotbalferienings sa'n spulregelbewiis helje. Sûnder bewiis meie de spilers takom jier net fuotbalje.

Dat hat de KNVB besletten nei oanlieding fan it grinsrjochterdrama yn Almere fan twa jier lyn. It fuotbalbûn wol dat de jongeren harren mear bewust binne fan de spulregels. Sa soene se dan mear begryp hawwe foar de besluten fan de skiedsrjochter.

Op de ynformaasjejûn yn Burgum krigen de fuotballers útlis oer de site Voetbalmasterz.nl dêr't alle spulregels op stean. De kommende tiid moatte de spilers oefenje, sadat elkenien foar 1 jannewaris syn bewiis hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)