Medaljes foar Fryske ruters

20 okt 2014 - 17:34
  • Winneres Marjolein Strikkers

Fryske ruters hawwe snein sawat de helte fan de medaljes by de earste edysje fan Indoor Fryslân foar Yslânske hynders wûn. Yn maneezje De Sanjes yn Oentsjerk is foar it earst in wedstriid holden spesjaal foar Yslânske hynders.

Goed fiifhûndert ruters dienen mei oan de saneamde töltproeven. Dat is in bysûndere gong, dy't allinnich dit type hynder hat. Benammen de Fryske jeugdruters wienen tige suksesfol en pakten in soad medaljes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)