Frachtwein ferliest lading

20 okt 2014 - 16:56

Ferkear by Harns kin op de A31 net gebrûk meitsje fan ôfrit 19, dat is de ôfrit Mullum/Harns Haven. Op de ôfrit is moandeitemiddei in frachtauto sekken mei molkpoeier ferlern. By it ferlitten fan de dyk skuorde de trailer en belânen de sekken op 'e dyk. It giet nei alle gedachten om tûzenen kilo's molkpoeier. By it ûngelok rekke gjinien ferwûne.

De plysje en Rykswettersteat binne drok dwaande mei de opromwurksumheden. It kin neffens de plysjewurdfierder noch oeren duorje foardat it ferkear de ôfrit wer brûke kin.

Trefwurden: 
Harns ûngelok A31 frachtwein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)