Kollum krijt glêsfezelnetwurk

De oanlis fan glêsfezel © ANP
Kabelbedriuw Kabelnoord begjint ein oktober mei de oanlis fan glêsfezel yn Kollum. Alle wenningen binnen it oanslútgebiet wurde de kommende wiken besjoen. Dy saneamde wenningskouwer besjocht mei de bewenner wêr't yn de wenning it nije glêsfezelmodem pleatst wurde kin. Yn de moannen dêrnei begjint it graafwurk. Alle hûshâldens wurde fergees oansluten op it nije netwurk.
Begjin dit jier begûn Kabelnoord yn Dokkum mei it fernijen fan it netwurk mei glêsfezel. Dit netwurk is stabiler en rapper.