Foarstrjitte Bûtenpost iepene

20 okt 2014 - 15:31

De fernijde Foarstrjitte yn Bûtenpost wurdt sneon feestlik weriepene. Nei goed in jier fan werynrjochtsjen is de dyk no klear. De Foarstrjitte is yn goed oerlis mei de omwenners, Pleatslik Belang Bûtenpost en de ûndernimmers yn it doarp ûnder hannen naam. Sa is de oansluting mei it winkelgebiet oan de Tsjerkestrjitte ferbettere, is it asfalt ferfangen troch klinkerts en binne der nije beammen plante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)