Klokken wer yn Boarnster toer

In grutte kraan hat moandeitemoarn de liedklokken fan Aldeboarn wer op harren plak hong. Nei in soad restauraasjewurk, binne de klokken wer yn de toer set. It boppeste stik fan de stegers is fuorthelle, sadat elkenien yn it doarp de toer wer sjen kin. Benammen it weromhingjen fan de grutte klok wie in sekuer wurkje.
Op 20 desimber sil de toer op feestlike wize yn gebrûk nommen wurde.