Debút Mario Diks yn Europa

20 okt 2014 - 14:30

Fjouwer Fryske assistint-skiedsrjochters sille de kommende dagen yn Europa oan 'e slach mei fuotbalwedstriden yn de Champions - en de Europa League. Ljouwerter Mario Diks makket syn debút. Mei skiedsrjochter Danny Makkelie en syn kollega assistint Patrick Langkamp fan It Hearrenfean moat hy Chelsea-Maribor yn goede banen liede. Erwin Zeinstra fan Dronryp komt woansdei mei syn fêste skiedsrjochter Björn Kuipers yn aksje by Bayer Leverkusen-Zenit St. Petersburg. Hessel Steegstra fan Snits draaft tongersdei lâns de line by Salzburg-Dinamo Zagreb.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)