Taname nêsten ikeprosesjerûp

20 okt 2014 - 12:23

It tal nêsten fan ikeprosesjerûpen is yn it noarden fan Nederlân yn it ôfrûne seizoen fertrijefâldige. Op guon plakken binne sels wol fiif kear safolle nêsten as yn 2013. Yn Fryslân gie it tal nêsten fan 156 yn 2013 nei 601 dit jier. Benammen yn de Stellingwerven is de oerlêst grut, mar yn Opsterlân binne dit jier hielendal gjin nêsten fan dizze rûp fûn. De brânhierren fan de rûpen kinne jokte en hûdproblemen jaan.

Yn it suden hat de rûp him net sa fierder ferspraat. Yn it midden fan it lân giet it om in ferdûbeling. It kennissintrum warskôget gemeenten dat se net besunigje moatte op de bestriding om't foar takom jier wer in taname ferwachte wurdt.

Trefwurden: 
nêst ikeprosesjerûp taname
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)