Portugees swier mishannele

20 okt 2014 - 10:21

De plysje yn Harns hat sneintenacht in 51-jierrige man út Frjentsjer oanhâlden fanwege it mishanneljen fan in 47-jierrige man út Portugal. De twa krigen spul yn in kafee, wêrnei't de man út Frjentsjer de man út Portugal bûten achter in beam opwachte. Op it fytspaad by de Tjerk Hiddessluzen sloech de Frjentsjerter de Portugees mei in stang op de holle en naaide út.

It slachoffer moast nei it sikehûs om behannele te wurden. De man hie ûnder oare in brutsen noas. De fertochte is letter oanhâlden, mar waard nei't ferhear wer frij litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)