Gjin sneltsjinst nei Flylân
De sneltsjinst fan en nei Flylân ferfalt moandei en tiisdei yn ferbân mei it minne waar. Dat meldt rederij Doeksen. Der wurdt in ferfangende feartsjinst ynset. Dy fart om 17.00 oere fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân.