Ynbraak yn hûs by Penjum
Yn in frijsteande wenning oan de Bûtendyk yn Pingjum is sneontejûn ynbrutsen. Dat hat de plysje yn Snits nei bûten brocht. De wenning stie fier fan de dyk en de bewenners wiene net thús. De hiele wente is trochsocht. Der binne ûnder oare sieraden meinaam.