Trainers bliid mei lykspul

19 okt 2014 - 16:13
  • Trainer Henk de Jong

Dwight Lodeweges fan SC Hearrenfean en Henk de Jong fan Cambuur binne bliid mei de 2-2 einstân yn de Fryske twastriid. Foar De Jong begûn de wedstriid dramatysk nei de betide tsjintreffer. Hy hold lykwols betrouwen yn de ploech ek neidat de 2-0 foel. It lykspul fielde dan ek "in bytsje as in oerwinning".

By Lodeweges wie it gefoel oarsom, om't syn ploech in 2-0 foarsprong ferspile. Doch geniete hy ek fan de sfear dy't by de wedstriid libbe. Neffens Lodeweges lei der lykwols gjin ekstra druk op de wedstriid troch syn oerstap nei Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)