Bestjoer doarpshûs stapt op

Doarpshûs De Mande fan Lippenhuzen © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
It bestjoer fan doarpshûs De Mande fan Lippenhuzen is opstapt. Yn desimber ferline jier waard dúdlik dat it doarpshûs grutte finansjele soargen hie. Der wie in grut tekoart en it bestjoer moast drastyske maatregels nimme om de saak wer rjocht te breidzjen. Dy maatregels hâlden yn dat de hierprizen mei 20% omheech giene en dat de behearder in tal oeren ynleverje moast.
No is dúdlik wurden dat de ynformaasje dêr't de besluten op basearre binne, net doocht. It bestjoer hat grutte flaters makke en dêrom stapt it op.