Lykspul yn Fryske twastriid

19 okt 2014 - 14:20

SC Hearrenfean en SC Cambuur dielden snein de punten yn de Fryske derby: 2-2. Yn it Abe Lenstrastadion stie de 1-0 al nei 1 minút op it boerd. Cambuur ferlear de bal by de ôftraap wêrnei't keeper Nienhuis yngripe moast en in oertreding makke op Uth yn de 16 meter. Uth fersulvere sels de penalty. Foar Cambuur wiene Ogbeche en De Ridder gefaarlik.

Nei rêst kaam Hearrenfean op 2-0 troch in eigen treffer fan Pereira. Ogbeche soarge fuort dêrnei foar nije kriich mei de oanslutingstreffer, wêrnei't Reijnen it útfak op 'e banken krige mei de 2-2.

It publyk waard yn it Abe Lenstrastadion traktearre op in spektakulêre Fryske twastriid, wêryn't beide ploegen folop moaie kânsen krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)