Broeibrân by Van Gansewinkel

19 okt 2014 - 13:22

By ôffalferwurker Van Gansewinkel yn Drachten hat sneintemiddei broei west yn in steapel houtsnippers. Dêr kaam reek ôf. De brânwacht wie mei in heechwurker kaam, mar koe der dreech by. Mei kranen is de broeiende steapel hout útinoar lutsen. It blussen hat in pear oeren duorre. Tsjin healwei trijen wie de broei út.

De reek luts oer de greiden en soarge net foar in soad oerlêst by omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)