Swartbekgrondels yn Fryslân

19 okt 2014 - 11:57

By in fiskwedstriid yn it Prinses Margrietkanaal by Spannenburg binne 23 eksoatyske swartbekgrondels fongen. Se waarden ûntdutsen by in telling foar de nije Fryske fiskatlas. Koördinator fan it projekt, fisksaakkundige John Melis hat earder dit jier warskôge dat de fisksoart út East-Europa no Fryslân berikt hat. Dat is frij rap gien.

De 21 sportfiskers fan de wedstriid seine dat sy foar dit jier noch noait in swartbekgrondel fongen hienen. Fisksoarten dy't hjir hiem binne, hawwe in soad lêst fan de eksoatyske konkurrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)