Buorljurûzje mei shovel

© Omrop Fryslân
In rûzje tusken twa buorlju yn Wynjewâld oer it skjinmeitsjen fan in sleat mei in shovel is sneontemiddei út de hân rûn. In plysjeman moast sels in wapen lûke. It begûn neidat In 62-jierrige man de plysje belle omdat syn 52-jierrige buorman him bedrige hawwe soe. Hy soe ek rekke wêze troch de shovel dy't bestjoerd waard troch in 58-jierrige man út Eaststellingwerf.
De plysje hat earst de 52-jierrige man oanhâlden. De masinist fan de shovel wegere op te hâlden mei syn wurk en bedrige de plysjeman mei de bak fan de shovel.