Earste bussen ôfset

19 okt 2014 - 10:46
  • De bussen wurde op de fiadukten tajûchheid
  • Bussen Cambuursupporters by it WTC Expo
  • Motorplysjes dy't de bussen begeliede sille

Under grutte belangstelling binne sneintemoarn flak nei tsienen de earste njoggen bussen mei Cambuursupporters ôfset foar de Fryske derby. Mei-inoar ride 23 bussen fan it WTC Expo nei Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. De bussen ferfiere 1200 Cambuurfans. Se krije plysje-eskorte. De Julianaleane wie ôfset sadat de bussen yn ien kear trochride koene fan it WTC nei de grutte dyk rjochting It Hearrenfean.

De wedstriid SC Hearrenfean tsjin SC Cambuur begjint aansen om healwei ienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)