Auto rydt de grêft yn

In auto is sneontejûn yn Ljouwert yn it wetter rekke. De bestjoerder fergeat de hânrem derop te setten en dêrtroch foel de auto yn de grêft. De helptsjinsten rukten út mar hoegden úteinlik net yn aksje te kommen omdat de bestjoerder himsels wist te rêden. Hy rekke net ferwûne.
De berger hat lang dwaande west de auto wer út it wetter te krijen.