Aris jout winst út hannen

Op de nije flier fan it Kealledykje like der healwei de wedstriid fan Aris tsjin Rotterdam neat oan 'e hân. Nei in stroef begjin, Rotterdam kaam op in 13-5 foarsprong, stiene de Ljouwerter basketballers by it skoft op in romme 61-34 foarsprong. Soe Aris de grins fan 100 punten helje, dat wie de fraach. Mar yn de twa kwarten nei it skoft kaam it op 'e kop ferkeard. Rotterdam pakte it tredde kwart mei 24-17 en dêrnei sakke Aris troch de flier. Troch de 34-13 winst yn it lêste kwart naam Rotterdam de winstpunten mei. Aris-Rotterdam 91-92!