Wer oerwinning follybal Snits

18 okt 2014 - 21:48

De follybalfroulju fan Snits ha de fjirde oerwinning fan it seizoen te pakken. De útwedstriid tsjin Sliedrecht Sport waard mei 3-1 wûn. Snits pakte de earste set mei 25-19. In foarsprong fan 21-18 yn de twadde set wie net genôch foar de froulju fan Petra Groenland: 25-23 foar Sliedrecht. Mei 25-14 en 25-17 makke de winner fan de Supercup dêrnei dien wurk. Snits stiet mei 11 punten út fjouwer wedstriden ien punt achter regearend kampioen Alterno.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)