"Havenwetter Harns fersmoarge"

18 okt 2014 - 16:25

It wetter yn de Yndustryhaven fan Harns is slim fersmoarge, blykt út ûndersyk fan toksikolooch Van Arkenbout fan buro Toxicowatch yn Harns. It giet om fersmoarging mei hormoanen. It is ûnbekend wêr't dat weikomt. Deselde stof is ek yn it Botlekgebiet oantroffen, mar yn folle legere konsinstraasjes.

Neffens Van Arkenbout moat fuortendaliks aksje ûndernaam wurde, alderearst ûndersykje wat de boarne is. Der is gjin direkte relaasje tusken de fersmoarging en de ôffaloven, seit de ûndersiker. Hy advisearret gjin fisk te iten fongen yn de haven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)