Heler fan stellen fytsen pakt

18 okt 2014 - 13:45
  • (stockfoto)

In 48-jierrige Ljouwerter is freedtejûn oanhâlden foar it trochferkeapjen fan stellen fytsen. De plysje kaam de man op it spoar nei oanlieding fan in melding oer in rûzje yn de Twadde Ko-strjitte. Plysjes seagen seis fytsen sûnder kaaien yn de tún fan de man stean. Twa dêrfan stiene as stellen yn de boeken.

De fertochte is fuortendaliks meinaam nei it plysjeburo. De fytsen binne yn beslach naam. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)