Dronken autorydster oanhâlden

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
In drankrydster út Seisbierrum is freedtenacht yn Harns oanhâlden nei't in motorplysje seach dat se slingerjend oer de dyk ried. De útlaat fan de auto hong los. De bestjoerster waard oan de kant set, mar wegere mei te wurkjen. Se smiet it blaasapparaatsje op de grûn. De frou moast mei nei it plysjeburo dêr't har in alkoholtest ôfnaam waard.
Der wurdt proses-ferbaal tsjin de frou opmakke.