Distribúsjesintrum wreidet út

It bedriuw Bakker Transport op It Hearrenfean wreidet út nei in Foodgrade Warehouse. Freed waard de earste peal slein. It fan oarsprong famyljebedriuw moat de lêste jierren hieltyd romte byhiere, om't it flink groeid is. It nije gebou wurdt 13 meter heech en it kriget in oerflak fan goed 10.000 meter. Op it dak is plak foar goed 5000 kante meter oan sinnepanielen.
Mei-inoar kostet de nijbou goed 5 miljoen euro. Begjin takom jier moat it wurk klear wêze.