Efterfolging motorrider
In 19-jierrige motorrider út Drachten is sneontemoarn betiid nei in koarte efterfolging oanhâlden op de Noarderdwersfeart. De man hie gjin rydbewiis, de motor wie net keurd, hie gjin ferljochting, gjin kentekenplaat en wie net fersekere. De Drachtster krige foar alle fergripen in boete.