Epke huldige yn Sportstêd

17 okt 2014 - 20:30
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland is freedtemiddei yn it sintsje setten yn Sportstêd Hearrenfean. Oanlieding wie de gouden medalje dy't Epke ferline wykein helle op it WK yn Sina. It wie freed in besletten byienkomst, organisearre troch Sportstêd en de gemeente.

Neist Epke waard ek stilstien by minsken dy't bydroegen hawwe oan it sukses fan de turner. Epke sels wie bliid mei de 'huldiging'. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean sei grutsk te wêzen op Epke en syn prestaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)