Sunderklaas yn boek en op tv

Giel ramt fan National Geographic op It Amelân
It Sunderklaasfeest op de Waadeilannen stiet takom desimber yn it tiidskrift National Geographic. Undersiker Arnold-Jan Scheer dûkte yn de tradysjes en rituelen fan it sinteklaasfeest. Dêrby kaam er ek it Sunderklaasfeest op de Waadeilannen tsjin.
Scheer ferwurke dizze tradysjes - fan oarsprong fruchtberheidsrituelen - yn in boek, in artikel yn de National Geographic en in dokumintêre.