Fries foar aktyf donorsysteem

17 okt 2014 - 17:12
  • Logo donorwike

Hast twatredde fan de Friezen sjocht wol wat yn in aktyf donorregistraasjesysteem. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag, dy't yn it ramt fan nasjonale donorwike útfierd waard. Om donoaren in finansjele fergoeding te jaan, dat giet in grutte mearderheid fan de 800 ûnderfrege Friezen lykwols te fier.

Oer de fraach oft donoaren foarrang krije moatte as se sels in orgaan nedich hawwe, binne de mienings ferdield. Sawat de helte fan de ûnderfrege Friezen fynt fan net, ientredde is it lykwols wol mei de stelling iens.

By in aktyf donorregistraasjesysteem wurde minsken dy't no noch gjin donor binne, nochris frege oft se organen ôfstean wolle nei harren dea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)