Marzo ûnwis foar de derby

17 okt 2014 - 16:11

It is noch net wis oft Stefano Marzo fan Sportklup Hearrenfean snein yn de derby tsjin SC Cambuur meidwaan kin. De Belgyske rjochtsback hat lêst fan syn knibbel en hat freed foar it earst wer folslein meitraind. Sneon wurdt bepaald oft hy meidwaan kin. Syn ferfanger is oars Doke Schmidt.

Sam Larsson is noch altyd blessearre. Neffens trainer Dwight Lodeweges sjocht it der lykwols goed út. De trainer ferwachtet dat Larsson ynkoarten wer meitraine kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)