Smellingerlân ferheget lêsten

17 okt 2014 - 14:58
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Smellingerlân ferheget de lokale belestingen de kommende jierren. Sa moatte ynwenners tsien prosint mear hûnebelesting betelje. Dit komt del op 6 euro ekstra yn it jier. Ek de rioelheffing giet omheech, mei respektyflik 12 euro foar gebrûkers en 6 euro foar eigeners.

De gemeente Smellingerlân moat mei-inoar 2,5 miljoen euro besunigje. Dit wurdt ûnder oare dien troch minder ûnderhâld út te fieren oan brêgen, tunnels en diken. Dat jildt ek foar sportfjilden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)