Tsien ûntslaggen by PostNL

17 okt 2014 - 13:05

Fan de 260 meiwurkers by it postsortearsintrum fan PostNL op It Hearrenfean krije tsien minsken ûntslach. De meiwurkers binne oertallich om't der folle minder poststikken besoarge wurde. Yn 2000 waarden der noch 22 miljoen poststikken deis besoarge, yn 2013 wiene dat der noch mar 12 miljoen.

It weromrinnen fan it tal poststikken set dit jier troch, is de ferwachting. Yn it lêste fearnsjier fan 2014 gong it oantal mei 11 prosint nei ûnderen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)