Alliade betellet ek Witteveen

17 okt 2014 - 12:13
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

Soarchgroep Alliade hat 250.000 euro oermakke oan taksybedriuw Witteveen foar it hendikepteferfier. Earder wegere de soarchgroep dat bedrach te beteljen om't se Witteveen fertinke fan it sjoemeljen mei de kilometerfergoeding.

Ferline wike wie der in rjochtsaak tusken Taxi Oenema en Alliade oer deselde kwestje. Moandei bepaalde de rjochter dat de soarchgroep it jild dochs betelje moat oan it taksybedriuw foar it ferfier. Om't de beide saken bot op elkoar lykje, hat Alliade besletten no ek de rekken oan Witteveen te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)