Man fêst foar 'fergees' iten
In 27-jierrige man út de gemeente Ljouwerteradiel is tongersdei oanholden op in terras oan de Nijstêd yn Ljouwert. De man hie dêr oant twa kear ta iten en dronken, mar wegere foar it miel te beteljen. De man sei dat er gjin jild hie.
De meiwurkers fan it terras warskôgen de plysje, dy't de man meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst.