Radiorûzje einiget yn gefjocht

17 okt 2014 - 10:38

In 31-jierrige man fan Twizelerheide is tongersdeitejûn mishannele nei't er spul krige mei in 45-jierrige man út Kollumerlân. It twatal krige spul doe't se kontakt hienen fia in saneamde 27 MC bak. Nei de wurdewikseling oer de radio, besleat de 45-jierrige fertochte nei Twizelerheide te riden om ferhaal te heljen. De man pakte de 31-jierrige by de kiel, drukte him tsjin in muorre en ried dêrnei wer nei hûs.

It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje. De 45-jierrige fertochte is meinaam nei it buro en sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)