Help-webside mooglik ûnfeilich

17 okt 2014 - 10:13

De VVD-fraksje yn Ljouwert makket him grutte soargen oer de webside 'www.wehelpen.nl'. Minsken dy't help nedich ha op it mêd fan soarch krije fan de gemeente Ljouwert in trochferwizing nei dizze sosjale Marktplaats. Neffens de fraksje docht bliken dat dizze webside net feilich is. Soarchoanbieders kinne advertinsjes pleatse, mar der is gjin inkeld tafersjoch op wa't dizze oanbieders binne.

De VVD wol dêrom dat de ferwizing sa gau as mooglik fuorthelle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)