Undersyk taksyferfier eilannen

Steatssekretaris Mansveld fan Ynfrastruktuer en Miljeu sil de problemen mei it taksyferfier op de Waadeilannen ûndersykje. Dat sei se yn reaksje op in Twadde Keamerfraach fan it CDA. Neffens it CDA komme der simmerdeis taksybedriuwen fan fêste wâl nei de eilannen ta. Winterdeis binne dy bedriuwen lykwols wer fuort. En dat wylst der dan ek ferlet is fan taksyferfier op de eilannen.
CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe freget om in saneamd konsesjesysteem. Taksybedriuwen moatte dan neist de simmer ek yn de wintermoannen oan it wurk.
It konsesjesysteem is te fergelykjen mei hoe't it no wurket by de feartsjinsten nei de Waadeilannen. Neffens De Rouwe soe sa'n systeem mooglik ek yn Fryske krimpgebieten wurkje kinne.