Ljouwerter winkeldieven pakt

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat tongersdei twa winkeldieven út Ljouwert oanholden. It giet om twa stellerijen. Earst waard oan de ein fan de middei in 52-jierrige man út Ljouwert trapearre foar in stellerij út in winkel op it Hoeksterpaad. Oan it begjin fan de jûn waard in 40-jierrige frou út Ljouwert oanholden foar winkelstellerij.
Yn beide saken is de plysje noch dwaande mei it ûndersyk.