Tunnelbak Feanwâlden te plak

17 okt 2014 - 07:31

De grutte betonnen tunnelbak ûnder it spoar by Feanwâlden leit te plak. Der is yn de nacht fan tongersdei op freed hurd wurke om de bak op syn plak te krijen. It wurk rûn in pear oeren fertraging op, nei't de bak fêst kaam te sitten yn it sân. Mei ekstra materieel is de bak loshelle en te plak lein.

De ûndertrochgong by it spoar leit op it plak dêr't De Sintrale As ûnder it spoar Ljouwert-Grins trochgiet. Neffens it projektburo De Sintrale As sil de fertraging gjin gefolgen ha foar de fierdere planning.

It is de ferwachting dat it treinferkear moandei wer gewoan oer it spoar tusken Feanwâlden en De Westereen ride kin. Oant dy tiid wurde der bussen ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)