Oerfal op snackbar yn Ljouwert

16 okt 2014 - 22:12
  • Oerfal op snackbar yn Ljouwert

In snackbar oan Achter de Hoven yn Ljouwert is tongersdeitejûn oerfallen. De oerfaller drige by de oerfal mei in fjoerwapen of wat dêr op like. Hy helle jild út de kassa en naaide dêrnei út yn de rjochting fan de Knoopstrjitte. De plysje sette fuortendaliks in sykaksje op tou en skeakele ek burgernet yn. De oerfaller is lykwols noch net fûn. De plysje stelt in ûndersyk yn. It oanwêzige snackbar-personiel hat slachtofferhelp krigen.

It giet om in man fan 1.80 meter lang. Hy hie in donkere jas oan en hat donker kroljend hier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)