Goudsmid Meijerink yn finale

De kroan as ynspiraasjeboarne © ANP
Goudsmid Peter Meijerink út Easterwâlde sit yn de finale fan de Nederlânske Untwerpwedstriid. De wedstriid dy't organisearre wurdt troch de Feriening foar Goud- en Sulversmidden hat as tema 'erfstik fan de takomst'. De dielnimmers moasten in sieraad ûntwerpe dat geskikt wêze soe foar prinses Amalia, de takomstige Keninginne.
Peter Meijerink makke in kroaningsring, dy't basearre is op de kroan dy't troch ferskillende keninginnen droegen is. Hy hat dêr de letters B, W en A yn ferwurke, dy't stean foar Beatrix, Willem-Alexander en Amalia.
Op 8 desimber wurdt bekend oft Meijerink mei syn kroaningsring de wedstriid wint.