Weedkweker bliid mei útspraak

16 okt 2014 - 20:25
  • Weedteler Doede de Jong fan Appelskea

Prinsipieel himpteler Doede de Jong fan Appelskea is bliid mei de útspraak fan de rjochtbank yn Grins tsjin twa kollega-weedtelers. Hy sjocht mooglikheden foar syn eigen heger beropssaak. It stel, in man en frou út Bierum, is wol skuldich ferklearre, mar krijt gjin straf fan de rjochter. Sy kweke ek al jierrenlang weed út prinsipe.

De Jong fynt dizze útspraak lykwols wol in skrinend ferskil mei hoe't de Ljouwerter rjochter him yn april feroardiele ta 233.000 euro boete, in wurkstraf en 2 moanne selstraf ûnder betingst.

Neffens De Jong is de Ljouwerter rjochter folle konservativer as syn Grinzer kollega. Boppedat wurdt de teler út Appelskea hurder oanpakt, om't er in bekend gesicht wurden is yn syn jierrenlange striid foar legalisearring fan himp, tinkt er sels. De Jong wie tongersdei by de útspraak yn Grins, dêr't bliidskip oerhearske. It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop yn de saak tsjin de Bierumer kwekers.

Mei de aksje 'Help Doede' is besocht om mei mienskipsjild it boetebedrach byinoar te garjen. Der is oant no ta lykwols noch mar 6000 euro binnenkaam. Mei in wike set Doede de Jong mei de aksje 'Cannaplan' útein, dy't hy sels 'Baas in eigen brein' neamt. Mei posters en spotsjes mei bekende Nederlanners wol hy pleitsje foar legalisearring fan himp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)