Flinke brân yn hûs Teridzert

By in flinke brân yn in twa-ûnder-ien kap hûs oan de Idzerdawei yn Teridzert is ien hûs bot skansearre rekke. De oare helte koe de brânwacht rêde. De brân ûntstie nei alle gedachten op de earste ferdjipping. Der kaam in soad reek frij. De brânwacht advisearre omwenners dêrom ruten en doarren ticht te hâlden en meganyske fentilaasje út te setten. Omdat der dreech oan wetter te kommen wie, waard opskaald nei in middelbrân.
Under oare it korps fan Wolvegea waard ynskeakele. Op it momint dat de brân útbruts, wie der net ien mear yn it hûs.